NNRD

Slút 'gau nei' menu  Slút 'gau nei' menu

Noord Nederlandse Reinigings Dienst
Besjoch de website fan de NNRD yn it Nederlânsk  Besjoch de website fan de NNRD yn it Frysk  Besjoch de website fan de NNRD yn it Grinslânsk  Besjoch de website fan de NNRD yn it Drintsk
NNRD - Noord Nederlandse Reinigings Dienst

NNRD faget de flier oan mei jo ôffal

De NNRD is spesjalisearre yn it opheljen, it transportearjen en it ferwurkjen fan ferskate soarten fan bedriuwsôffal.
Home  »  Begjinside NNRD  »  Holwerda Transport » Wa binne wy?

Ferlytsje lettertypeFergrutsje lettertype Wa binne wy?

Njonken ôffalynsammeljen binne wy ek aktyf yn it weitransport. Holwerda Transport is al jierren in bekend gesicht op de (Europeeske) snelwegen. Ut de fêstiging Drachten wei dogge wy dat mei modern en gauris spesjalistysk materieel.

De wichtichste aktiviteiten binnen ús transporttûke binne:

meubeltransport en ferhuzings

meubeltransport en ferhuzings

Meubeltransport is mear as allinne it transportearjen.
By ús binne jo oan it goede adres as it giet om:

Transporten fan gefaarlike (ôffal)stoffen

Transporten fan gefaarlike (ôffal)stoffen

It transportearjen fan stoffen dêr’t men leaver net mei yn oanrekking komt, freget om spesjalistyske kennis. Sa stjoert men net samar ien nei Súd-Frankryk om yn in spesjaal útriste frachtwein in partij transformatoaren mei giftige PolyGloarBifenilen te laden. Likefolle oandacht krijt ek it transport fan sok PGB-ôffal nei Dútslân, dêr’t wer in hiele bulte spesjale fergunnings foar nedich binne. By de neamde foarbylden is ferlet fan in protte kennis by ús meiwurkers.

Folumetransporten

Folumetransporten

Transporten dêr’t men mear “lucht” as gewicht by transportearret. Bygelyks lege ôffalkonteners of isolaasjematerialen hearre by it saneamd folumineus guod. Dêrfoar meitsje wy gebrûk fan ekstra grutte weinen, oant 100 m³.

Transporten mei help fan autolaadkraan
(oant 37 ton/meter)

Foar it maklik laden en lossen fan grutte units, masines of seekonteners meitsje wy gebrûk fan in oplizzer mei dêrop in fikse kraan. Dêrmei kin ek losstoart guod yn konteners laden wurde (bygelyks lânboufoly of glêskonteners).

Kontenertransporten oan 80 m³

In soad losstoart guod wurdt yn konteners laden. De reis kinne wy 2 x 40 m³-konteners meinimme. Transporten kinne fariearje fan ôffalprodukten oant fiedingsmiddels.

Ynteressearre?

Belje ris mei Martin Jelsma; 0512 33 43 35 of stjoer him in e-mail; martin@holwerda.com

Bullet rood  Printsje side      Bullet rood  Nei boppen
© Holwerda Groep   |   Realisaasje  Website van Plan Plan Internet BV zal in een nieuw venster worden geopend   |   Privacy   |   Disclaimer
NNRD - Noord Nederlandse Reinigings Dienst
NNRD - Noord Nederlandse Reinigings Dienst

Het Helmhout 5
9206 AZ  Drachten

T: +31 512 33 43 34
F: +31 512 33 43 05

E: info@nnrd.nl
I: www.nnrd.nl
Ferlytsje lettertype
Fergrutsje lettertype