


Wat dogge wy?
De NNRD is fan oarsprong bekend út de ôffalsektor. Dochs hat, njonken it ynsammeljen fan ôffal, de transporttûke fan it bedriuw him aardich ûntjaan kinnen. It materiaal en de meiwurkers binne hielendal ynspile op dizze rûzige brânsj. Foar it transportearjen fan allerhanne soarten frachten hat de NNRD de mooglikheden. Nasjonaal en ynternasjonaal kinne der spesjale transporten barre, wêrby’t saakkundige sjauffeurs de lading nei de einbestimming ride.
Ynsammeljen en ferwurking bedriuwsôffalWêr’t der produsearre wurdt, dêr ûntstiet ôffal. Lyts ôffal, grut ôffal, gemysk ôffal, ôffal fan bouterreinen, túnôffal, papierôffal ensfh. Elke foarm fan ôffal freget om in oare benaderingswize. Hokfoar soarte fan kontener past it bêste by in beskate ôffalstream? Hoefaak is it leegjen fan in kontener winsklik? Moat it ôffal yn sletten konteners? Allegearre fragen dy’t wichtich binne foar in optimale opslach en ferwurking fan bedriuwsôffal.De NNRD rêdt mei sokke problematyk. Moderne apparatuer, it nijste materiaal en in útbalansearre team fan entûsjast personiel: mei alle nedige kennis en middels stiet it allegearre garant foar effektive oplossings.
De NNRD wait wel road mit dizze problematiek. Moderne apparatuur, t nijste matrioal en n oetbalanceerd team van enthousiast personeel, staait mit ale beneudegde kennis en middeln garant veur effectieve oplözzings.
Ynsammeljen âld papier/folyIt apart ynsammeljen fan papier, karton of papier-restprodukten is hjoed de dei in maatskiplike “must”. It is mar in lytse muoite en sortearje al it bedriuwsôffal yn alle gefallen yn “gewoan” ôffal en papierôffal. De spesjale papierkonteners fan de NNRD binne yn it magazyn, yn in loads of foar in bedriuwspân maklik te herkennen. Sadwaande kinne alle meiwurkers, mar ek tafallige foarbygongers maklik meiwurkje en wenne oan it skaat ynsammeljen fan ôffal.
Troch it skaat ynsammeljen fan papier wurkje jo mei oan in optimale recycling fan papierprodukten. Soks is net allinne goed foar it miljeu, mar it is boppedat foardielich foar de eigen beurs! En dat is moai meinaam, n’twier?
Gefaarlike ôffalstoffenDe NNRD stiet bekend om har ûnderfining en ekspertize op it stik fan it ôffieren fan gemysk en oar gefaarlik bedriuwsôffal. Ek kin de NNRD bedriuwen help en advizen jaan by it ynfoljen fan de wenstige foarskriften en ferfiersdokuminten.
ArchiefvernietigingDe NNRD wurket al jierren gear mei it bedriuw PRODAK. By dat bedriuw, dat rund wurdt troch in entûsjast en yn it sâlt bebiten team fan licht-ferstanlik hendikepten, wurde op tige effektive wize fertroulike gegevens ferneatige, lykas argiven en âlde kontrakten. As bewiis fan in “feilige” ôfhanneling ûntfange jo fan ús nei ôfrin in garânsjesertifikaat. Dat bewiis garandearret dat de ferneatiging alhiel konform feiligensnivo trije bard is.
Ferhier fan rolkontenersDe NNRD hat de kar út in soad ûnderskate typen rolkonteners. Kwa folume fariearje de konteners fan 240 mingel (in grutte kontener foar hússmoargens) oant mar leafst 5000 mingel. Sa is der foar elk bedriuw, fan kafetaria oant autobedriuw en fan kemping oant tenkstasjon, in gaadlike kontener te leverjen. Elke kontener sjocht der himmel út en de NNRD kontrolearret geregeldwei de kwaliteit fan de konteners op de stânplakken. As dat nedich is, wurde der ûnderdielen ferfongen of wurdt in folslein nije kontener pleatst. Sjoch foar mear ynformaasje en foto’s op de side “Rolkonteners” fan dizze site.
Parskonteners/grutte ôfsetkontenersAs in bedriuw grutte hoemannichten ôffal produsearret, kin in parskontener op it bedriuwsterrein fertuten dwaan. Rolkonteners kinne sadwaande troch it eigen personiel lege wurde. Lytse ôffalkonteners fan bygelyks 240 mingel kinne op in pear plakken yn it bedriuw pleatst wurde. Sa kin men sels de ynterne ôffalstream ferwurkje. De parskonteners fan de NNRD binne te krijen yn ferskate folumeklassen en mei ûnderskate beladingssystemen.
In parskontener ferwurket it ôffal tige effektyf. Foar yn de kontener wurdt it ôffal troch grutte triuwplaten earst oant in minimum yninoarparst, wêrnei’t it ôffal nei efteren treaun wurdt. Sadwaande kin der mear ôffal op ien sintrale lokaasje binnen it bedriuw opslein wurde en hoecht der minder frekwint lege te wurden troch de NNRD.
Njonken de pars- en rolkonteners hat de NNRD in breed skala oan ôfsetkonteners ta har foldwaan, fariearjend fan 6 oant 40 m3. Dêr kinne gruttere hoemannichten ôffal mei ynsammele wurde. Sokke konteners binne benammen gaadlik foar bou- en sloopôffal.
EveneminteserviceIn wichtige kwestje by it organisearjen fan eveneminten is it opfangen en ferwurkjen fan de ôffalstream. Foar sokke gelegenheden hat de NNRD in spesjale eveneminteservice, dy’t in spesjaal plan betinke kin om it ôffal ûnder of nei ôfrin fan in evenemint ôf te fieren.
De rolkonteners fan de NNRD binne foar eveneminten lykas popkonserten, sporttoernoaien, strjit- en skoalfeesten ek tydlik te hieren. It is mooglik om de konteners ûnder de festiviteiten ferskate kearen leegje te litten. Ek biedt de NNRD organisatoaren de mooglikheid om nei ôfrin fan harren festival it hiele terrein te himmeljen.
De NNRD hat ek in spesjale feiwein, dy’t ideaal is foar it himmeljen fan strjitten en bedriuwsterreinen. Dizze feiwein wurdt in protte ynset by grutskalige eveneminten, om nei ôfrin it terrein sekuer oan te feien.
Transport en distribúsjeDe NNRD is fan oarsprong bekend út de ôffalsektor. Dochs hat, njonken it ynsammeljen fan ôffal, de transporttûke fan it bedriuw him aardich ûntjaan kinnen. It materiaal en de meiwurkers binne hielendal ynspile op dizze rûzige brânsj. Foar it transportearjen fan allerhanne soarten frachten hat de NNRD de mooglikheden. Nasjonaal en ynternasjonaal kinne der spesjale transporten barre, wêrby’t saakkundige sjauffeurs de lading nei de einbestimming ride.
SeekontenersFoar it kreëarjen fan in tydlike opslachromte kinne jo ek hiel goed in seekontener ynsette. Seekonteners binne yn ferskate soarten en maten te krijen. De konteners binne maklike foarsjennings by ferbouwings en ferhuzings, mar ek foar sporteveneminten en festivals binne se ideaal yn it gebrûk. Foar wiidweidige ynformaasje ferwize wy jo nei ús susterbedriuw HCC.
| Privacy | Disclaimer