


Privacy Statement
Wet Beskerming Persoansgegevens
De Holwerda Groep is der ferantwurdlik foar om te foldwaan oan de Wet Beskerming Persoansgegevens (WBP) en dêrom om folslein neffens de easken dêrfan te hanneljen.
Wat wy mei jo gegevens dogge
By de oanfraach fan ynformaasje en/of it bestellen fan produkten freegje wy jo om persoansgegevens. Dy gegevens brûke wy foar it akseptearjen fan jo oanfraach en/of it útfieren fan jo opdracht ta leverjen fan produkten. Ek kinne wy dy gegevens brûke om jo te ynformearjen oer ús produkten. As jo gjin priis stelle op ynformaasje oer ús produkten, dan kinne jo ús soks witte litte fia de formulieren op 'e website. Wy blokkearje dan jo persoansgegevens.
Jo persoansgegevens binne feilich by ús
De beskerming fan de privacy is wichtich foar jo en foar ús. Wy gean soarchfâldich om mei jo persoansgegevens. Dêrom binne ús systemen en programma's goed befeilige, om foar te kommen dat ûnbefoege lju binnen en bûten ús bedriuw tagong ha ta jo persoansgegevens.
Fragen?
Foar fragen oer de wize wêrop't de Holwerda Groep omgiet mei jo persoansgegevens, kinne jo kontakt opnimme mei:
De Holwerda Groep
Het Helmhout 5
9206 AZ Drachten
T: +31 512 33 43 35
F: +31 512 33 43 05
E: info@holwerda.com
Wizigings
De Holwerda Groep behâldt him it rjocht foar om wizigings oan te bringen yn de Privacy Statement. It seit himsels dat de Holwerda Groep de Privacy Statement, as soks nedich is, oanpasse sil oan wetswizigings en rjochtspraak (ferzje 1.0 19 novimber 2001).
| Privacy | Disclaimer