


Duorsumens
Duorsum ûndernimme - ek wol bekend as maatskiplik ferantwurde ûndernimme (MFU, Nederlânsk MVO) - is ûndernimme op in wize wêrby't der lykwicht is tusken ekonomyske, sosjale en miljeubelangen. Duorsume ûndernimmers, lykas de NNRD, sjogge net allinne nei harren winst- en ferliessifers, mar ek nei de gefolgen fan harren bedriuwsaktiviteiten foar minsk en miljeu. En net allinne nei de hjoeddeiske gefolgen dêrfan, mar ek nei de gefolgen yn 'e takomst.
Duorsum ûndernimme betsjut dat de NNRD neffens fermogen bydraacht oan it oplossen fan maatskiplike en miljeuproblemen dy't mei de ûndernimming gearhingje. Wy gean op dat stik fierder as dat de wet- en regeljouwing ús foarskriuwt. Dêrom ha wy ynsjoch yn de ekologyske gefolgen fan ús produksjeproses, lokaal likegoed as ynternasjonaal, yn de notiidske likegoed as yn de takomstige effekten.
Dy kennis is omset yn maatskiplik ferantwurde hanneljen. Dêrta is it managementsysteem yn it bedriuw ferankere en soarget it foar in oanduorjende ferbettering fan de ekonomyske, ekologyske en sosjale prestaasjes. Om dêrby alle belangen goed ôfwage te kinnen, binne alle saneamde 'stakeholders' yn kaart brocht: leveransiers, ôfnimmers, maatskiplike organisaasjes, banken, fersekeringsmaatskippijen, oandielhâlders en oerheden.
Mei help fan ûndersteande ynstruminten wurdt stal jûn oan it maatskiplik ferantwurde ûndernimmen:
| Privacy | Disclaimer