


Arbo
Soarch foar meiwurkers en tredden dy’t yn it wurk behelle binne, is in wichtich punt yn de wize dêr’t wy ús belied op fiere.
Troch nijsbrieven, sjauffeursoerlis en sa mear wurdt geregeld omtinken jûn oan feilichheidssaken. Sadwaande wurdt de kâns op ûngemakken, skea en ynsidinten oant in minimum beheind. Fierder binne der geregeld VGM-ynspeksjes by it wurk en op de werf.
Troch op de hichte te bliuwen fan alle wetlike regelings en kontinu ynnovatyf dwaande te wêzen, wurdt der adekwaat ynspile op ûntjouwings. It masinepark wurdt sadwaande kontinu ûnderholden en ferbettere.
| Privacy | Disclaimer