NNRD

Slút 'gau nei' menu  Slút 'gau nei' menu

Noord Nederlandse Reinigings Dienst
Besjoch de website fan de NNRD yn it Nederlânsk  Besjoch de website fan de NNRD yn it Frysk  Besjoch de website fan de NNRD yn it Grinslânsk  Besjoch de website fan de NNRD yn it Drintsk
NNRD - Noord Nederlandse Reinigings Dienst

NNRD faget de flier oan mei jo ôffal

De NNRD is spesjalisearre yn it opheljen, it transportearjen en it ferwurkjen fan ferskate soarten fan bedriuwsôffal.
Home  »  Begjinside NNRD  »  Wolkom

Ferlytsje lettertypeFergrutsje lettertype Wolkom op de website fan NNRD

De frachtweinen fan de Noord Nederlandse Reinigingsdienst (NNRD) út Drachten kin men alwer in moai tal jierren rûnom op de strjitten en diken fan Noard-Nederlân tsjinkomme. Benammen op al dy bedriuwsterreinen wurde de oranje jiskeweinen geregeld sinjalearre. It leegjen fan de ferskate soarten fan ôffalkonteners by bedriuwen bart lykwols sa goed as ûngemurken.

De NNRD is spesjalisearre yn it opheljen, it transportearjen en it ferwurkjen fan ferskate soarten fan bedriuwsôffal . Alle bedriuwen produsearje ôffal. Mar net alle ôffalstreamen binne itselde. By guon bedriuwen moatte rolkonteners in pear kear de wike lege wurde, en by oare bedriuwen is ienris de moanne al genôch. Dêrom hat de NNRD in grut arsenaal oan materieel en mankrêft om de hûnderten en hûnderten bedriuwen te helpen by it ferwurkjen fan harren ôffalstreamen.

De ôffalbrânsj is ien fan de brânsjes dêr't strakke miljeuwetjouwing fan grut belang is. De NNRD hannelet dêrneffens en jout advizen dy't bedriuwen dat yn it sin bringe.

De ferwurking fan de ôffalstreamen bart neffens strange en al mar skerper wurdende regeljouwing. Dêrom wurket de NNRD gear mei renommearre ferbrâningssintrales en ôffalferwurkingsbedriuwen, en bringt it personiel himsels oanhâldend op 'e hichte fan 'e nijste wizigings yn miljeuregeljouwings.

Koartsein: de NNRD stiet iepen yn 'e maatskippij. Op ferantwurde wize wurde ôffalstreamen werombrocht oant in minimum. In saak dêr't eins elkenien him kontinu mei dwaande hâlde moatte soe...

De Noord Nederlandse Reinigingsdienst in is ISO-sertifisearre organisaasje.

Dizze ynternetsite jout jo mear ynformaasje oer de ferskate mooglikheden fan de NNRD út Drachten. Mocht de ynformaasje op dizze site dochs noch fragen opsmite, bygelyks oer it hieren fan konteners of it ferfieren fan bedriuwsôffal, nimme jo dan kontakt mei ús op

Bullet rood  Printsje side      Bullet rood  Nei boppen
© Holwerda Groep   |   Realisaasje  Website van Plan Plan Internet BV zal in een nieuw venster worden geopend   |   Privacy   |   Disclaimer
NNRD - Noord Nederlandse Reinigings Dienst
NNRD - Noord Nederlandse Reinigings Dienst

Het Helmhout 5
9206 AZ  Drachten

T: +31 512 33 43 34
F: +31 512 33 43 05

E: info@nnrd.nl
I: www.nnrd.nl
Ferlytsje lettertype
Fergrutsje lettertype