


Skaat ôffal ynsammeljen
It skaat ynsammeljen en oanbieden fan bedriuwsôffal is net allinne foardielich foar it miljeu. Troch ôffal te skieden besparje jo úteinlik ek op jo eigen einôfrekken.
By de NNRD kinne jo ta dat doel bygelyks spesjale papierkonteners hiere, dêr’t al it papier en karton út de bedriuwsôffalstream yn sammele wurde kin. It leegjen fan in folle kontener papier is in stik foardieliger as it leegjen fan ien grutte, swiere kontener. De adviseurs fan NNRD ynventarisearje jo ôffalstream en besjogge de situaasje op ’e wurkflier. Dêrnei advisearje hja jo oer it ferskaat oan mooglikheden fan it skaat ynsammeljen fan bedriuwsôffal. Tinke jo bygelyks oan it skaat ynsammeljen fan gefaarlik ôffal en bedriuws-, foly- en papierôffal.
Mear ynformaasje oer it skaat ynsammeljen fan ôffal kinne jo fine op de folgjende sites:


Yn de takomst sille alle bedriuwen ferplichte wêze om it bedriuwsôffal skaat oan te bieden. Ferskate miljeuplannen fan de Nederlânske oerheid soargje derfoar dat der al mar bewuster omgien wurde moat mei it ynsammeljen en ferwurkjen fan bedriuws- en húshâldlik ôffal. Sa moatte de Nederlânske gemeenten al sûnt in pear jier ferplichte it gft-ôffal apart ynsammelje en oanbiede om it kompostearje te litten.
In bekend plan fan de Nederlânske oerheid is better bekend as de “ljedder fan Lansink”. Dat plan beskriuwt yn opienfolgjende stappen wat der barre moatte soe om de ôffalstreamen yn de takomst te beheinen.
Yn it foarste plak is it fansels logysk om derfoar te soargjen dat der sa min mooglik ôffal ûntstiet. Soks kin realisearre wurde troch oanpassings yn it produksjeproses en in effisjinter ferbrûk (previnsje). Dêrnei is it op ’e nij brûken of it sykjen fan nije tapassings fan ôffal in effektive maatregel. It op ’e nij brûken fan papier en karton of fan gft-ôffal binne dêr goede foarbylden fan. De tredde stap is in effisjinte ferbrâning fan ôffal, op sa’n wize dat it úteinlik elektrisiteit of waarmte opsmyt.
By de NNRD kinne jo telâne foar wiidweidige advizen oangeande it skaat oanleverjen fan ôffalstreamen. Jo kinne dêrby bygelyks tinke oan it skaat ynsammeljen fan:
Dêrnei krije jo fan ús in deeglik advys oer alle mooglikheden.
| Privacy | Disclaimer